Lemster garaazje baarnt út

26 jul 2010 - 10:15
  • De garaazje is ferlern en ek it wenhûs hat skea
  • By de brân kaam ek asbest frij

By in brân oan de Pottebakkerssteech op 'e Lemmer is sneintenacht in garaazje ferlern gong. De eigner waard wekker fan in pear lûde knallen en seach dat der brân wie yn de garaazje achter hûs. De brânwacht koe net foarkomme dat ek in part fan it wenhûs skânsearre waard. Omlizzende wenningen rûnen lichte skea op. De eigner tinkt dat der sprake is fan brânstifting.

Der is earder besocht saken by syn hûs yn 'e brân te stekken. Ek hat der brân west yn konteners yn 'e omkriten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)