Lemster boltsjeslokkers oppakt

08 mrt 2008 - 12:08

De plysje hat in drugslijn tusken De Lemmer en Suriname oprôle. Trije manlju út Lemsterlân binne oanhâlden nei oanlieding fan tips en ûndersyk. De trije hawwe meiïnoar 2,5 kilo kokaïne smokkele en ferkocht. It guod hat in strjitwearde fan mear as 130.000 euro.

Troch de oanhâldings is de oerlêst fan drugsgebrûkers op De Lemmer flink ôfnaam, seit teamsjef Beekhuizen. Mear oanhâldings wurde net útsletten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)