Lemster bern tinke om enerzjy

30 sep 2012 - 11:56
  • Duorsume enerzjy

Basisskoallen yn de gemeente Lemsterlân begjinne moandei mei it projekt Energieke Scholen. Learlingen fan de groepen 5 oant en mei 8 besykje dêrby harren skoalle enerzjysuniger en sûner te meitsjen. Se moatte sels útfine hoe't dat berikt wurde kin. Se jouwe advizen oan de gemeente en oan de skoalbestjoeren.

De skoalbern krije ek wat jild om sels lytse oanpassings dwaan te kinnen. GroenDoen, de ôfdieling Miljeu-edukaasje fan Mar en Klif, helpt de bern by de wurksumheden.

Se sjogge ûnder oare yn de wyk Tramdyk-East op 'e Lemmer. Yn dy wenwyk is in soad omtinken foar duorsumheid.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)