Lemster asbest wurdt ferwidere

28 jul 2010 - 14:41
  • By de brân op 'e Lemmer kaam frijwat asbest frij
  • Op dizze garaazje leine asbestplaten

Tunen en dakgoaten fan huzen yn de Langestreek en de Pottebakkersteech op 'e Lemmer wurde de kommende dagen saneard omdat der asbest leit. Dit komt troch de brân fan sneintenacht. Doe baarnde in garaazje folslein ôf.

Op it dak leine asbestgolfplaten. In gebiet fan 60 by 100 meter is ôfset. De bewenners fan tsientallen huzen hawwe in brief krigen fan de gemeente. Dêryn wurdt harren oanret om net yn de tún te kommen. It skjinmeitsjen wurdt dien troch in bedriuw út Akkrum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)