Lemster (20) oppakt foar drugs

04 maaie 2014 - 09:35

In 20-jierrige man út De Lemmer is yn de nacht fan sneon op snein oppakt omdat er soft- en harddrugs by him hie. Plysjes sprutsen de man yn syn eigen wenplak oan en fregen him oft er drugs by him hie. Yn syn rêchsek siet in taske mei pillen en fiif pûdsjes softdrugs. Hy hie ek in buske pepperspray by him.

It guod is yn beslach naam. De man sit fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)