Lemmer Ahoy net ûnferantwurde

11 maaie 2013 - 14:58

It wie net ûnferantwurde om Lemmer Ahoy sneon trochgean te litten. Dat seit de organisaasje. By de Prinses Margrietslûs sloegen sneontemiddei om 12 oere hinne twa skûtsjes om troch de hurde wyn. It gong om de Grietsje Obes, fan Romke de Jong en de Opsjitter fan Willem Zwaga.

Der wiene mei-elkoar goed tweintich minsken oan board. Sy rekken net ferwûne. Ferskate skippen en de rêdingsboat fan De Lemmer hawwe de drinkelingen al gau oppikt.

Freed waard de silerij by De Lemmer noch ôfsein yn ferban mei de hurde wyn. Sneon waaide it neffens de organisaasje net hurder as wynkrêft 6 en koe der wol syld wurde. Wol wiene der in pear dielnimmers dy't sels besleaten om net mei te dwaan. By Lemmer Ahoy stride skûtsjes fan de SKS en IFKS yn ien wedstriid, winner waard it skûtsje fan Snits.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)