Lemmer Ahoy fan start

20 maaie 2004 - 00:00

Op 'e Iselmar by De Lemmer is himelfeartsdei de grutste platboaiem- silerij fan Europa fan start gien: Lemmer Ahoy. Oant en mei sneon stride in 50 skûtsjes en 20 aken om de prizen.

Likernôch de hiele SKS- en IFKS-float is oanwêzich, oanfold mei skippen út it hiele lân. De rûtes foar aken en skûtsjes binne dit jier foar it earst útelkoar lutsen, sadat it foar it publyk oantrekliker wurdt. Op 'e Lemmer binne ek tal fan oare aktiviteiten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)