Lekkumer klokken hingje wer

12 des 2011 - 11:58

De klokken fan Lekkum hingje nei in heal jier wer yn de toer. Begjin maaie waarden se der úthelle foar restauraasje. Sa moasten der ûnder oare nije bongels yn. Dat restauraasjewurk is dien yn Dútslân. De toer sels is ek oanpakt. No is it wer fertroud de klokken deryn te hingjen.

Sneon wie der noch in spesjale sjochdei foar de klokken fan de Lekkumer toer. Se stiene yn de tsjerke opsteld en de besikers krigen útlis oer de klokken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)