Lekkum is bang foar ûngelokken by de skoalle

09 mrt 2016 - 10:26

Alden, bern en lieding fan de Professor Wassenberghskoalle yn Lekkum ha soargen oer de ferkearssituaasje by de skoalle. In soad bern komme fan bûtenút of sels út Ljouwert en wurde mei de auto brocht en helle. Dat soarget foar gefaarlike situaasjes.

Der leit no in plan om fan in part fan de skoalrûte ienrjochtingsferkear te meitsjen: in healoere foardat de skoalle begjint en in healoere dêrnei. Neffens guon omwennens falt it wol ta mei it gefaar by de skoalle. Sy sjogge it ynstellen fan ienrjochtingsferkear dan ek net sitten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)