Lekkerij toer Surhústerfean

06 mrt 2007 - 12:33
  • De Feanster Toer
  • Renovaasje fan de Feaster Toer

De toer fan Surhústerfean hat noch altyd te krijen mei lekkaazje. Foaral de hurde wyn en it reinwetter soarget foar wetteroerlêst. De renovaasje fan de toer hat der net foar soarge dat de problemen ferholpen binne.

De gemeente Achtkarspelen sil no op koarte termyn maatregels nimme. Sa sille de galmgatten ticht makke wurde en komme der fentilaasjesleuven. De renovaasje hat oant no ta al sa'n 55.000 euro koste.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)