Lekker ite út plukbosk by De Rottefalle

25 feb 2016 - 14:57
  • Beien

By de mar De Leien by De Rottefalle komme gewaaksen dy't men ite kin. Frijwilligers fan Steatsboskbehear plantsje de gewaaksen nije wike tiisdei yn natuergebiet de Grinspôle. It eardere natuerkampeargebiet by it badpaviljoen is in edukatyf bosk wurden en de nije plukbosk wurdt der in ûnderdiel fan.

De kok fan it paviljoen sil de gewaaksen út de plukbosk brûke en ferwurkje yn it iten. It plantsjen fan de gewaaksen is ûnderdiel fan it lanlike projekt 'Lekker Landschap'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)