Sa'n tritich dakleazen kamen tongersdei ôf op de feestlike jierôfsluting fan de dei-opfang yn Ljouwert. Der stie foar de dakleazen, foar in grut part drugsferslaafden, in diner klear fan trije gongen. Soks is in echte traktaasje, want in grut part fan de dakleazen krijt oars mar komselden in waarm miel.
De dei-opfang fan Zienn hat op himsels in goed jier achter de rêch, mar de plysje-ynfal yn july wie in djiptepunt foar de organisaasje. As gefolch fan dy ynfal hie de dei-opfang yn 2011 minder besikers as oare jierren.
Zienn is wol besoarge oer de groei fan it tal jonge dakleazen. Troch de ekonomyske krisis liket it tal dakleazen wer ta te nimmen. Soks is lestich foar de dei-opfang, want tagelikertiid moat der ek besunige wurde.
|
Ferwûnen by motorûngelok
20 mei 2012 - 13:26 |
|
'Moardner Marianne is bekende'
21 mei 2012 - 00:11 |
|
Fytserke (13) slim ferwûne
21 mei 2012 - 08:04 |
|
Pealsitten yn Marsum is dien
20 mei 2012 - 11:41 |
|
Foto's dossier Vaatstra op tv
19 mei 2012 - 15:17 |