Lekker: 3 Fryske restaurants

27 okt 2014 - 11:43
  • Restaurant De Heeren van Harinxma

Restaurant De Heeren van Harinxma út Beetstersweach is krekt as ferline jier it bêste restaurant fan Fryslân. It restaurant stiet op it 41e plak yn 'Lekker', de Nederlânske list mei bêste restaurants. It is dêrmei twa plakjes klommen yn ferliking mei ferline jier.

Restaurant Elevé út Ljouwert is op it 65e plak it twadde Fryske restaurant yn de list. De Ljouwerters sakje ien plakje. Op it 71ste plak stiet 't Havenmantsje fan Harns, dat dêrmei trije plakjes klommen is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)