Lekkende frachtauto yn Ljouwert

01 des 2006 - 12:08

De Kanaalwei yn Ljouwert hat freed oan it begjin fan de middei sa'n oardel oere ôfsletten west. Oanlieding wie in frachtwein mei in lekkend fet mei bitende floeistof. De brânwacht hat de omjouwing fan de frachtwein ôfset.

Der hat gjin gefaar foar de folkssûnens west. Ut foarsoarch mochten der gjin learlingen en dosinten de haadfestiging fan ROC Friese Poort yn en út. It opromjen fan de dyk wie om 13.30 oere dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)