Lekkend gastankje yn skoalle

26 mrt 2008 - 13:57

In lekkend gastankje hat de oarsaak west fan de frjemde lucht yn de Drachtster skoalle oan de Boargemaster Wuitewei dy't woansdei oan 'e ein fan de moarn ûntromme wurde moast.

Alle 400 learlingen fan 'e lokaasje Boargemeester Wuitewei fan OSG Singelland en Liudger moasten om healwei tolven de skoalle út fanwege in frjemde lucht. De brânwacht fûn yn de kelder 5 lytse campinggastankjes. Ien dêrfan lekte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)