Lekke lieding sintrale Burgum

21 des 2005 - 22:53

De sintrale fan Elektrabel yn Burgum hat woeansdei problemen hân. Yn ien fan de twa sintrales is in skuor yn in lieding ûntstien. Dêrút ûntsnapte stoom. Ien fan de meiwurkers is licht ferwûne rekke.

Neffens de brânwacht wie it in grutte ravaazje. In soad materiaal soe troch de druk ferset wêze. De oarsaak wurdt noch ûndersocht. Soks hat him noch net earder foardien. De steuring hat gjin gefolgen foar de enerzjyfoarsjenning.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)