Lekke bân foar Weening

10 sep 2004 - 11:50

Pieter Weening is yn de sechsde etappe fan de Ronde fan Spanje 127ste wurden. Hy krige yn de finale, krekt foar in beklimming, in lekke bân. Acht minuten nei syn winnende ploechmaat Freire kaam Weening oer de streek. Yn it klassemint stiet Weening no 98ste, op mear as 16 minuten fan lieder Beltran.

Yn Le Tour de l'Avenir is Eelke van der Wal yn de achtste etappe 88ste wurden. Nei dizze swiere berchetappe stiet de Holwerter op it 117e plak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)