Lekkaazje troch ûnderhâld oan gasliedingen by Mildaam

02 des 2015 - 15:28

By it neisjen fan in gaslieding fan Vermilion by Mildaam is moandei fersmoarge wetter frijkaam. It wetter siet yn in opslach, dy't troch ûnbekende reden lek rekke. Dêrtroch is sa'n 25.000 liter fersmoarge wetter fuortrûn. Dêryn sit sa'n fjouwer prosint glykol. Dêrneist sitte der mooglik oaljeresten yn.

Vermilion moat it wetter wer skjinmeitsje en dêrfoar wurdt it wetter út in sleat fuortpompt en fuortbrocht. Hoe heech oft de kosten dêrfan binne, is ûnbekend. De gefolgen foar it miljeu soenen beheind wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)