Lekkaazje nije skoalle Techum

07 apr 2010 - 15:09

De nije brede skoalle yn de Ljouwerter wyk Techum hat lêst fan lekkaazje en kondinswetter. Leararen en bern moatte soms útwike nei oare leslokalen en lesmateriaal is slim beskeadige. It gebou is in ûntwerp fan de Japanske arsjitekt Yushi Uehara.

Wethâlder Krol is teloarsteld oer de mankeminten. De gemeente wol de ekstra kosten ferhelje op de bouwer. De arsjitekt en oannimmer ha tasein de problemen oan te pakken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)