Lek yn wetterlieding yn Dokkum wer ticht

29 jan 2015 - 16:06
  • Der waard hurd wurke om it lek ticht te krijen

It lek yn de wetterlieding oan de Lange Oosterstrjitte yn Dokkum is wer ticht. Tongersdeitemoarn sprong de lieding en kaam de strjitte omheech. Sa'n 30 húshâldens sieten sûnder wetter. De hiele Dokkumer binnenstêd fernaam dat de wetterdruk minder heech wie as gewoan. Om goed healwei fjouweren middeis hie Vitens it lek wer ticht.

Ek Museum Dokkum hat skea, om't it wetter it museum yn rûn. Ferskate romtes waarden troffen troch it wetter. Neffens direkteur Ihno Dragt hawwe de museumstikken gjin wetterskea oprûn, mar in soad tapiten wol.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)