Lek yn romp skip tichtmakke

19 aug 2014 - 11:48
  • It skip de Kestrel wurdt ûnder begelieding nei Teksel fard

Yn de romp fan it skip de Kestrel dat tiisdeitemoarn boppe Flylân yn de problemen kaam, is in lek fûn. Bergers hawwe it gat ticht makke. It skip wurdt op dit stuit ûnder begelieding fan de rêdingsboaten fan Flylân en Skylge nei Teksel fard. Dêr komt it tiisdeitejûn om seis oere hinne oan.

Neidat der pompen oan board brocht binne, is it wetterpeil yn it rom fan it skip mei sa'n 40 sentimeter sakke. De trije opfarrenden koene oan board bliuwe. Ek binne der twa meiwurkers fan it bergingsbedriuw Noordgat op it skip kaam.

De trije bemanningsleden melden tiisdeitemoarn dat it skip wetter makke. Dêrop waarden in helikopter, in fleantúch en in sleepboat nei it skip stjoerd. Ek de KNRM-boaten fan Flylân en Skylge kamen yn aksje. De situaasje op it skip is ûnder kontrôle, meldt de kustwacht.

De Kestrel is in 18 meter lange omboude fiskkotter. It wurdt no brûkt as bewakingsskip by boarplatfoarmen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)