Lek skip wer op de wâl

14 sep 2011 - 08:54
  • It skip wurdt út it wetter helle (foto: Evert van den Berg)

It lekke papier-masjee skip is tiisdeitejûn yn Ljouwert wer út it wetter takele. Twa lekken binne yntusken makke, mar by de kielbalke ûnder de flier is noch mear lekkaazje. Om dat oan te pakken moast it skip op de wâl.

Omdat it skip noch gjin roer hat, moasten der sleepboaten foar en achter. Neffens bouwer Marten Winters is der gjin gefaar foar sinken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)