Leijenaar ticht by ljep-rekôr

16 aug 2011 - 21:10
  • (foto Martin de Jong)

Anne Jet Leijenaar fan Snits hat tiisdei by de fierljepwedstryd op It Heidenskip de bêste sprong fan it seizoen makke. Se sprong 16.28m, fiif sintimeter minder as it Frysk rekôr. Sa ticht hawwe de froulju dit seizoen noch net yn de buert west.

By de heren wûn Bart Helmholt fan Burgum de wedstryd mei in sprong fan 19.71m. By de junioaren wûn Evert Bakker en by de jonges wûn Sytse Bokma.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)