Legionella yn huzen yn Ljouwert

10 sep 2003 - 00:00

Yn it liedingwetter yn Camminghaburen is de legionella-baktearje fûn. It giet om njoggen huzen yn de Ljouwerter wyk. Nei alle gedachten giet it om in net skealike foarm fan de baktearje.

De oarsaak liket in te hege temperatuer yn de meterkast te wêzen. Dêr sitte ferwaarming en wettermeter by elkoar en kin it waarm wurde sadat de baktearje him ûntwikkelt. Sa'n 800 huzen ha sa'n konstruksje. Vitens docht ûndersyk. Bewenners hoege net yn noed sitten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)