Legionella yn De Wetterstins

18 mrt 2005 - 09:54

De dûsen fan swimbad De Wetterstins yn Burgum meie de kommende dagen net brûkt wurde. De dûsen binne ôfsletten, omdat yn it wetter de legionella-baktearje oantroffen is. It giet om in foarm fan de baktearje dy't faker foarkomt yn de liedingen fan swimbaden. De foarm is net hiel skealik foar minsken.

De dûsen fan De Wetterstins wurde de kommende dagen trochspield. Op 21 maart wurdt kontrolearre oft de baktearje út de dûsen ferdwûn is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)