Legionella yn aldereintehûs

02 jan 2004 - 00:00

Alderen yn it Bonifatiushûs yn Snits kinne net dûse fanwege legionella. It giet om in net gefaarlike fariant. De bewenners wurde no by de kraan wosken, mar se kinne wol wetter út de kraan drinke. Want de legionellabaktearje wurdt pas gefaarlik as it wetter fernevelet, lykas by dûsen.

De leidings wurde no in wike lang trochspield mei hyt wetter. In test moat dêrenei dúdlik meitsje oft de baktearje ek echt fuort is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)