Legionella fûn yn Harns

16 okt 2000 - 17:24

Yn de dûsen fan de gymnastykseal oan de Fabryksstrjitte yn Harns is de legionellabaktearje ûntdutsen. De kâns op besmetting is lyts. As immen dy't foar 9 oktober yn de gymseal west hat, siik wurdt en oan besmetting tinkt, is it advys lykwols om nei de dokter te gean.

De gemeente hat opdracht jûn om alle liedingen troch te spielen. Ek wurdt in nije boiler ynstallearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)