Legionella fûn by 4 klubs

28 aug 2004 - 11:51

By fjouwer fuotbalklubs yn en om Ljouwert is de legionallabaktearje fûn yn 'e dûsjes. It giet om FVC, VV Ljouwert, LVV Fryslân en WWS Wurdum. It giet neffens de BV Sport om in ûngefaarlike legionellafariant. Mar út foarsoarch meie de measte dûsjes de kommende twa wike net brûkt wurde.

De besmetting kaam oan it ljocht by in kontrôle fan alle sportakkomodaasjes. BV Sport tinkt dat it probleem yn twa wike tiid oplost wurde kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)