Legindaryske Panenka komt nei De Jouwer ta

03 jul 2015 - 12:27
  • Antonin Panenka, hjir rjochts op de foto

De legindaryske fuotballer Antonin Panenka komt tiisdei nei De Jouwer. De âld-ynternasjonal fan Tsjechië spilet mei it All Star team fan Tsjechië tsjin in regionaal alvetal besteande út spilers fan Langwar, Renado, VVI en SC Joure.

Panenka waard bekend mei syn strafskop yn de finale fan it Europeesk kampioenskip yn 1976 yn Joegoslavië. Hy skoarde mei syn stift oer de keeper hinne de winnende treffer fan Tsjecho-Slowakije tsjin West-Dútslân. Dizze wize fan skoaren út in strafskop hjit sûnt dy tiid dan ek in Panenka.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)