Legerwein riidt brêge stikken

01 jan 2007 - 16:15

In brêge yn natuergebiet De Barte tusken Alderberkeap en Noardwâlde is yn oktober stikkenriden troch in wein fan Definsje. It leger hâlde in oefening op 'e iepenbiere dyk, mar twa legerweinen kamen by fersin yn it ôfsletten gebiet telanne.

De wein is oer in houten brêge fan Steatsboskbehear hinneriden. Oer de hele lingte fan de brêge ûntstie in gat. Definsje hat al tasein de skea fan goed 7000 euro te fergoedzjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)