Legere winst Friesland Coberco

19 des 2003 - 00:00

Friesland Coberco Dairy Foods rekkenet foar 2003 op in winst fan 55 miljoen euro, dat is 29 miljoen minder as oer 2002. De omset komt út op 4,6 miljard euro. De winst is leger troch de hege koers fan de euro en minder winst op de ferkeap en eksport fan tsiis. Boppedat moat it bedriuw jild útlûke foar de reorganisaasje fan 'e tsiisfabriken.

De winst kin noch wat heger of leger útfalle troch in hegere of legere dollarkoers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)