Legere winst Friesland Bank

26 aug 2010 - 08:31
  • De Friesland Bank

De Friesland Bank hat oer it earste heal jier in nettowinst behelle fan 5 miljoen euro. Dat is de helte minder as oer deselde perioade foarich jier. Toch is de Friesland Bank tefreden, want neffens de bank waard de nettowinst fan foarich jier mei bepaald troch in oantal ienmalige ynkomsten.

De omset kaam yn de earste seis moanne fan dit jier út op 31 miljoen euro en dat is in lytse tritich prosint mear as yn deselde perioade in jier lyn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)