Legere tariven foar smoargens

22 jun 2007 - 10:38
  • tariven foar ôffal wurde leger

Gemeenten hoege yn 2008 minder te beteljen foar it ferwurkjen fan smoargens. It taryf dat Omrin foar rêst-ôffal heft, giet omleech mei 8,5 euro. Foar GFT-ôffal wurde de kosten hast mei in kwart minder. Dat komt troch bettere kostebehearsking en effisjinter wurkjen.

Oft de ynwenners der wat fan fernimme, is de fraach. Gemeenten kinne sels bepale oft se de taryfferleging trochfiere yn har eigen rekkens.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)