Legere straf yn saak-Reidsma

19 jun 2013 - 15:39

De 41-jierrige man dy't twa jier lyn de 56-jierrige Eeuwke Reidsma yn Ljouwert deariden hat, is woansdei yn heger berop feroardiele ta trije jier sel en fjouwer jier rydûntsizzing. De straf is folle leger as easke wie. Neffens it hôf kin der net bewiisd wurde dat de man 80 kilometer yn de oere ried op it plak dêr't 30 km de oere de maksimum snelheid is. Neffens de rjochtbank wie dat wol oantoand.

It Iepenbier Ministearje hie seis jier sel en 5 jier rydûntsizzing easke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)