'Legere status Fleanbasis'

16 sep 2013 - 12:22
  • F-16 op de Fleanbasis Ljouwert

De 330 miljoen euro oan útlekte besunigings op Definsje kinne grutte gefolgen hawwe foar de Fleanbasis Ljouwert. Ljouwert bliuwt wol militêre fleanbasis, mar soe in legere status krije. Dat seit Anne-Marie Snels fan it militêr fakbûn AFMP.

Ljouwert is no de basis foar de F-16 squadrons 322 en 323. Ofrûne wykein waard dúdlik dat de luchtmobile brigade út Assen mooglik nei Ljouwert komt. Neffens Snels driget it fallyt fan definsje troch de besunigings. Dy sille wis grutte gefolgen hawwe, seit Snels.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)