Legere priis foar ierappel

04 mrt 2015 - 16:58

HZPC Holland hat de prognoaze fan de ierappelpriis oer 2014 fêststeld op 27,5 sint de kilo. Dat is leger as in jier earder, doe't boeren noch 33 sint foar in kilo krigen. De legere priis hat te krijen mei de drege merk foar benammen konsumpsje-ierappels. Wêr't de fraach gelyk bleaun is, is it oanbod folle grutter wurden.

By de poatierappels is de fraach krekt wat lytser wurden. Wol meie dizze ierappels by hege útsûndering wer nei Ruslân eksportearre wurde, ûnder betingsten. Russyske kontroleurs kontrolearje se earst yn Nederlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)