Legere opbringst troch waar

30 apr 2010 - 16:40

De tradisjonele merk foar it goeie doel yn de Ingelske tún yn Harns hat freed wat te lijen hân fan it kâldere waar. De merk wurdt hâlden troch de Rotary. Yn goeie jierren wurdt wol 18.000 euro ophelle, as it waar minder is, skeelt dat in pear tûzen euro.

Yn de tún kinne spultsjes dien wurde, harke wurde nei muzyk en der wurdt iten en drinken ferkocht. De opbringst giet nei trije goeie doelen, wêrûnder in bydrage foar in helphûn foar in gesin yn Wytmarsum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)