Legere omset foar busbou VDL

25 feb 2014 - 15:30
  • Busbouwer VDL op It Hearrenfean

De busôfdieling fan de VDL Groep hat ferline jier in legere omset draaid as it jier derfoar. VDL makket de bussen ûnder oare op It Hearrenfean. Oarsaak fan de legere omset is de tebekrinnende fraach nei bussen yn Europa en ek de ynfier út lannen mei lege leanen.

By de oare ôfdielings fan de VDL Groep gie de winst wol omheech. It bedriuw hat dêrtroch úteinlik wol in goed jier hân. It bedriuw ferwachtet foar dit jier in fierdere groei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)