Legere kaartferkeap Harmonie

23 jun 2009 - 09:41

Skouboarch de Harmonie yn Ljouwert hat minder kaarten yn 't foar ferkocht as oare jierren. In soad abonnees keapje yn dizze tiid kaarten foar it hiele kulturele seizoen. De skouboarch fernimt dat minsken yn dizze tiid de hân op de knip hâlde.

Dochs is der ek posityf nijs. De Friesland Zorgverzekering hat him foar trije jier ferbûn oan de Harmonie. De hjoeddeistige Deloitte Seal sil fan 1 july ôf de namme fan 'e fersekeringsmaatskippij drage.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)