Legere boetes garnalefiskers

29 des 2004 - 09:27

De Nederlânske Mededingingsautoriteit hat de boetes foar acht bedriuwen en acht produsinte-organisaasjes yn de garnalehannel ferlege nei in beswierproseduere fan hast twa jier.

De boetes wienen oplein om't de fiskers ôfspraken makke hienen oer de grutte fan de fangst en de prizen. It bedrach is fan 13,8 miljoen euro nei 6,2 miljoen werombrocht. Boetes fan fiif lytsere garnalehannelers binne ynlutsen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)