Legere boete foar Accell Group

04 okt 2011 - 22:30

De boete dy't fytsfabrikant Accell fan It Hearrenfean krijt foar it útwikseljen fan ynformaasje is net 12,8 miljoen, mar 6,9 miljoen. Yn 2000 hat Accell oerlis hân makke mei oare Europeeske fabrikanten. Sûnt dy tiid wurdt der prosedeard oer in boete.

It Kolleezje fan Berop hat de boete no ferlege, omdat de ôfspraken fan doedestiids gjin effekt op de merk hân ha. De boete sil net folle gefolgen ha op de posysje fan it bedriuw, want Accell hat al yn 2007 jild apart set.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)