Legerbrigade net nei Ljouwert

14 sep 2013 - 11:30

Boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert is tsjin de oerpleatsing fan de luchtmobile brigade fan Assen nei Ljouwert. Hy stipet mei de trije noardlike provinsjes it ferset tsjin sa'n maatregel. Neffens him smyt oerpleatsing fan de brigade en sluting fan de Johan Willem Friso Kazerne yn Assen allinnich mar ferliezers op, omdat Ljouwert nei alle gedachten ek besunigje moat.

Kommissaris Jacques Tichelaar fan Drinte liet sneon witte dat de luchtmobile brigade neffens in foarstel yn de kommende miljoenenota nei Fryslân ferhúzje moat.

Hy is dêr poer op tsjin sjoen de slimme gefolgen foar de wurkgelegenheid dêrfan yn Drinte. Crone is it dêr dus mei iens.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)