Leger krijt hynders net fuort

02 nov 2006 - 07:39

It leger is der yn 'e nacht fan tiisdei op woansdei net yn slagge om de hûndert hynders dy't by Marrum yn in dobbe steane dêr fuort te heljen. Nei goed 4 oeren hawwe de ferskate helptsjintsten besletten om tongersdeitemoarn fierder te gean.

It leger besocht mei grutte pontons by de hynders te kommen om se sa nei de wâl mei te nimmen. Troch technyske mankeminten koe it flot lykwols net iens ticht yn de buert komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)