Leger des Heils iepenet húskeamer foar prostituees

05 sep 2015 - 16:45
  • Argyffoto De Weaze

It Leger der Heils yn Ljouwert iepenet dizze moanne in húskeamer foar prostituees. De húskeamer komt yn it gebou fan de GGD op De Weaze. Dit is it gebiet yn Ljouwert dêr't de measte prostituees wurkje. Doel is dat de froulju efkes yn de húskeamer bykomme kinne. Se kinne in bakje kofje nimme of in kopke sop krije. Ek kinne se yn kontakt komme mei frijwilligers en in praatsje meitsje. Neffens it Leger des Heils ha de prostituees faak in hiel iensum libben en kinne se nergens hinne as se problemen ha. Der is noch wol ferlet fan frijwilligers.

Minsken dy't belangstelling ha om frijwilliger te wurden kinne maile nei harmina.pieterson@legerdesheils.nl of belje mei it Leger des Heils yn Grins 050-3172670

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)