Leger België oefent yn Fryslân

30 mrt 2009 - 08:06

It Belgyske leger sil yn maaie in grutskalige militêre oefening yn de omkriten fan Ljouwert hâlde. Under de koadenamme Crazy Trip 2009 sette de Belgen in evakuaasje yn sêne. De oefening is fan 7 maaie oant 15 maaie.

Dan wurde Belgyske soldaten oerflein fan Melsbroek-Brussel nei Ljouwert om dêrnei minsken út Den Helder feilich op te heljen. Der dogge sa'n 1200 soldaten mei oan de oefening. Omwenners fan de fleanbasis moatte op mear oerlêst rekkenje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)