Lege winkels yn de Midstrjitte

14 aug 2013 - 18:25
  • De leechstân yn de Midstrjitte op De Jouwer
  • De eardere Friesland Bank stiet ek leech
  • Noch in tichte winkel
  • Dizze winkel waard koartlyn ferhierd oan in nije ûndernimmer

De Jouster middenstânsferiening WIH makket him grutte soargen oer de leechstân yn de Midstrjitte. Yn it Jouster sintrum steane sa'n trettjin winkels leech. Omdat de winkellju gjin 'swarte gatten' yn de Midstrjitte wolle wurde de etalaazjes fan de lege winkels safolle mooglik moai ynrjochte. Winkeliersferiening WIH besiket ek om nije ûndernimmers oan te lûken, mar dat keallet swier.

Undernimmer Ynte Kuindersma, sels ferhierder fan winkelpannen, tinkt dat ferhierders ree wêze moatte om ek wat oan de hierpriis te dwaan.

De winkels binne ferdwûn fanwege legere omsetten as gefolch fan de krisis en it tanimmen fan it winkeljen op ynternet. Ferskate saken giene ticht fanwege in fallisemint.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)