Lege pantsjes soargje foar brânmeldings

27 feb 2015 - 14:28
  • Gasstel

Yn in hûs oan De Poon yn Makkum is freedtemoarn skea ûntstien troch reek. Oarsaak wie in leech pantsje op it gasstel. De brânwacht hat wol by de brân west, mar hoegde net in protte te dwaan. Wol is de stichting Salvage ynskeakele foar it ôfhanneljen fan de skea.

Freedtemiddei hat de brânwacht fan Snits nei in hûs oan de Lemmerweg yn dy stêd west. Ek dêr soarge in pantsje op it gas foar in flinke reekûntwikkeling. Oft der skea is, is noch net bekend. Wol is dúdlik dat der gjin brân ûntstien is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)