Lege opkomst referindum driget

29 nov 2012 - 22:18

It wurdt noch in hiele toer om ta in hege opkomst te kommen by it referindum oer de weryndieling fan Ljouwerteradiel. Dat docht bliken út de fiif gearkomsten dy't de ôfrûne wiken hâlden binne. Der kamen in soad minsken op ôf, mar de jeugd liet it bot ôfwitte.

Neffens boargemaster Boertjens is dat soarchlik, want de jeugd is noadich om de easke opkomst fan 60% te heljen op it referindum. Op 30 jannewaris kinne de ynwenners kieze oft se fierder wolle mei Ljouwert of de nije gemeente yn noardwest-Fryslân. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)