Lege opkomst goed foar CDA

25 nov 2010 - 07:50

De lege opkomst by de riedsferkiezings yn de Súdwesthoeke hat beslissend west foar de winst fan it CDA. Dat tinke de partijen dy't der minder ôfkomme. It CDA helle 10 sitten yn de nije ried.

De PvdA is teloarsteld oer de 7 sitten dy't helle waarden. De FNP is wol tefreden: 6 sitten fynt listlûker Gerben Gerbrandy in moaie skoare. Partijen as Feriene Lofts, D66 en TotaalLokaal wurde ienmansfraksjes. Sy fiele har beneidiele trochdat se in koarte tariedingstiid hân ha.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)