Lege opkomst betinking Juliana

24 mrt 2004 - 00:00

Goed 200 minsken kamen woansdei nei de betinkingsbyienkomst foar prinses Juliana yn de Grutte Tsjerke yn Ljouwert. Der wie plak foar 700 minsken en ek koe der útwykt wurde nei de Pelikaantsjerke. Dêr kamen 15 minsken om de betinking te folgjen op in skerm. De oanwêzigen wurdearren de betinking.

Omrop Fryslân stjoerde de betinking live út op radio en tv. It wie in inisjatyf fan St. Nassau en Fryslân, de gemeente Ljouwert en de provinsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)